Puntsjes fan omtinken kaartferkeap

Hjirûnder stean ús puntsjes fan omtinken, wat de de oankeap fan de kaarten oanbelanget.


Fragen oer - en betinksten fan WeTicket:

WeTicket is de ticketshop; fia dit platform is de kaartferkeap regele. Fandêr de servicekosten.

Fragen oer kaarten fia Weticket: dit is in spesjale pagina mei de alle antwurden op ticketfragen.
(TIp: de pagina iepenet yn it engels, mar kin rjochtsboppe omset wurde nei it nederlânsk.)

Voorwaarden en pivacy WeTicket

Ik kin myn kaarten net fine / find my ticket


Reservedatum:
Yn it gefal it waar te min is om te spyljen, wurdt dit dyselde dei foar 16.00 oere bekendmakke op dizze webside en ús socials.
De kaarten binne dan jildich op de reservejûn. Restitúsje fan kaarten is spitigernôch net mooglik.

Prizen:
Prizen foar de foarstelling binne ynkl. 9% BTW. 

Tiidstip:
Tagong ta de lokaasje en catering fan 19.00 oere ôf.  Poart giet iepen om 19.30 oere. De foarstelling set om 20.00 oere útein.

Donaasjes:
Ekstra donaasjes wurde ynset om kaarten foar minsken mei in krappe beurs mooglik te meitsjen.

Sitplakken:
Op ús tribune binne frije sitplakken. Us gastfroulju en -manlju stean ree om dy te helpen.

Ruilje of kaarten ynleverje:
Kaarten ruilje foar in oare datum is net mooglik fia de organisaasje. Kinst wol besykje dyn kaarten te ferkeapjen fia TicketSwap.
Bist behindere op de datum dêr 'st kaarten foar hast, dan kin spitigernôch gjin jild werom frege wurde.

Gegevens:
De oan ús ferstrekte gegevens (namme, e-mailadres) wurde net oan oare partijen fuortjûn mar sille heechút brûkt wurde foar kommunikaasje mei dy.


Meast stelde fragen (FAQ)

Klik hjir foar de meast stelde fragen oer de foarstelling en alles der omhinne

 

Nijsbrief:

Skriuw jo yn foar de de nijsbrief en bliuw automatysk op 'e hichte! Ofmelde kin altyd fia de link yn de nijsbrief.


Wij telle ôf oant de premjêre:

00
MOD_JOCOUNTDOWN_DAYSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_HOURSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_MINUTESS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_SECONDSS
© 2026 Iepenloftspul Eastermar