Útnûging audysjes 15 novimber

Beste spiler en byldspiler (figurant),

Wy nûgje dy graach út foar de audysje foar iepenloftspul ‘Ea komt it wetter’.

Dizze audysjes fine plak op saterdei 15 novimber yn it Mienskiphûs. De Kjellingen 16A, 9261 ZH Eastermar.

  • Foar folwoeksenen en jeugd fan ± 12 jier ôf.
  • Der binne twa tiidblokken:
    10.00 - 12.00 en 12.30 - 14.30 oere. Dû kinst yn it formulier oanjaan wat dyn foarkar hat. Wy besykje der sa folle mooglik rekken mei te hâlden.
  • Alden kinne net mei de romte yn. Sy kinne wachtsje yn de kofjeromte of eefkes nei hûs gean.
  • Graach 15 minuten yn ‘t foar oanwêzich wêze foar it nimmen fan in foto’s (allinne nedich foar yntern gebrûk).
  • It is handich maklike klean oan te dwaan en eventueel in fleske wetter mei te nimmen.
  • Mooglik is in twadde ronde nedich. Dizze sil yn dat gefal op saterdei 22 novimber wêze. Dêroer krigest dan fansels berjocht.
Jou dy hjir no op! 
Dit kin oant en mei 29 oktober!

Nei 29 oktober krigest in mail mei it tiidblok, dêrstû yn yndield bist.Kinst net op 15 novimber? Lit it ús dan sa gau mooglik witte fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.. 
 
Hast noch fragen? Kinst altyd maile nei This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.. 

oprop spilers en byldspilers

Nijsbrief:

Skriuw jo yn foar de de nijsbrief en bliuw automatysk op 'e hichte! Ofmelde kin altyd fia de link yn de nijsbrief.


Wij telle ôf oant de premjêre:

00
MOD_JOCOUNTDOWN_DAYSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_HOURSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_MINUTESS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_SECONDSS

Donateur wurde?

Wy kinne jo stipe brûke! Mear ynformaasje »

© 2026 Iepenloftspul Eastermar