
De audysjes hawwe west en de kar is makke.
Wat in geweldige dei wie dit! Alle dielnimmers tige tank foar jimme komst. Wat in talint hawwe wy sjoen, geweldich!
Mei safolle dielnimmers oan dizze audysjedei is it spitich dat der guon ôffalle moatte. It is net oars. Mar oan de oare kant, wat in lúkse om as regy kieze te kinnen út safolle minsken. Ek waarden wy tige bliid fan de miks fan Eastermarders en spilers út oare plakken. Wy tinke dat dizze kombinaasje hiel goed útpakke sil.
Yntusken hat elke auditant berjocht krigen. Foar de iene in teloarstelling, foar de oar in moai boadskip. Wy tinke dat der begjin febrewaris in geweldige ploech klear stjit om mei de repetysjes útein te setten!
