Efkes foarstelle: Rienk Vlieger

Skriuwe is foar my ien grut riedsel

Mear dan 25 jier lyn bedarre Rienk Vlieger tegearre mei syn Harmke yn Eastermar. Yn it begjin waard him noch wolris wat frege. “Wêr komstû wei?” Mar dy tiid is al lang foarby. It is dy petsjeman, dy’t alle dagen mei syn hûn Broes troch it doarp en oer de Achterwei swalket. Underweis altyd ree foar in praatsje. Hy skriuwt ferslachjes foar eastermar.nl. Dat docht er ek al 25 jier. En bytiden makket er in tekening of skriuwt er in ferhaal. 

Haw ik dy sa in bytsje goed yntrodusearre? No meisto sels fierder. 
Ah, mei ‘k los? Dan fertel ik wat oer myn skriuwerij.

“Dochst mei ús mei”, frege Wietske yn jannewaris 2024, “Brainstoarmje oer in iepenloftspul?”
Brainstoarmje, harsenskraabje fyn ik machtich om te dwaan. Alles kin, gjin grinzen. Unbewust sette ik fuort útein mei boustientsjes sammeljen. Letter bewust. De boustiennen waarden in ferhaal. It ferhaal, mei help fan de ‘skriptologen’ Wietske, Hetty, Sjoerd, Ineke en Martsje, in skript.
De timing fan Wietske har fraach koe eins net better.  Muoike Migrêne, it frommes dy't alle wiken ien of twa kear yn myn holle útfanhûs kaam, kin ik de lêste tiid yn 50 prosint fan de gefallen keare mei saneamde CGRP-remmers; it is nagelnije medikaasje. Ik doar wer wat ambysjes te hawwen. Mei-inoar in aventoer oan gean, spannend mar... “Jawis, ik doch mei!” 

Nee, ik haw net altyd skreaun. De Fryske taal wie ‘k sawat kwytrekke yn myn Amsterdamse jierren. It feroare doe’t ik yn 1998 yn Eastermar kaam te wenjen en as grafikus by Omrop Fryslân oan it wurk koe. Op kosten fan myn wurkjouwer mocht ik in kursus Frysk skriuwen by de Afûk dwaan. Ut eigen beweging haw ik der noch in pear kursussen achteroan dien. En doe gie ’t sa’n bytsje los. Hoewol ’t ik noch altyd yn it Nederlânsk tink en dream, giet skriuwen my tsjintwurdich makliker ôf yn it Frysk. 

Mar it giet noch fierder. Midden yn in ferhaal skriuw ik wolris in wurd dat ik oars noait brûk. Ik moat dan opsykje wat de betsjutting is. Wêr komt dit wurd wei? Hoe komt dit wurd yn myn gedachten en justjes letter op papier? En it meast frjemde is, it kloppet ek noch! 
In riedsel.

De tekst giet fierder ûnder de foto.

Rienk

Doe’t ik lyts wie, yn de jierren sechstich, wennen wy yn Leiderdorp. Op strjitte spruts ik Nederlânsk mei in Leidsk aksint. Yn e’ hûs Frysk. Myn heit, berne yn Driezum, wie in djipfries. Yn syn frije tiid studearre er Frysk yn Utrecht. Dat koe doe. Fûn er moai om te dwaan. Soe ik as jonkje yn dy tiid ûnbewust bysûndere Fryske wurden oppikt hawwe? 

Leuk om te witten, marruh, dit stikje moat net te lang, hear.
Ja, noch hiel even.

It ferhaal oer myn libben, dêr bin ik wat beskieden oer, want myn ûnthâld makket syn eigen reis.
Kinst my dingen freegje mar in protte details bin ik ergens ûnderweis kwytrekke. Boppedat meitsje ik yn myn holle de dingen graach moaier dan dat sy yn werklikheid wiene.  Lykwols komme der, wannear ik in skoft oer it wetter stoarje, flarden oantinkens lâns as fûgeltsjes dy’t efkes yn myn útsicht delstrike. Oantinkens oer bygelyks myn tolve ambachten en in tal ûngemakken. 

Ik bin in flaneur, in siker, in observator, in notysjeman. Neam it mar. Yn it hjir en no mar eins ek net. De bûten- en de binnenwrâld flipflopperje om wa ‘t foarop mei. 
Sûnt ik yn Eastermar wenje, is it sykjen wat oer. Dit doarp, dêr ’t Harmke en ik by tafal yn telâne kamen, past my as in âlde jas. 

Dyn ferhaal is sa wol prima, hear.
Wit ik, mar it riedsel is ommers noch net oplost…

Of bin ik yndied tefolle in dreamer en komme de wurden ergens út myn fantasy wei? 
Doe’t ik trettjin waard ferhuzen wy nei Akkrum. Alle skoaldagen fytste ik nei de Havo op ‘t Hearrenfean. Alle skoaldagen dyselde, saaie kutdyk by de A32 del. It waaide der altyd. 
Der wie fansels mear jeugd op dy selde wei, mei it selde doel. Mar ik koe se net byhâlde; ik hie domwei de spierkrêft net. De oaren hellen my altyd yn en sadwaande fytste ik meastentiids allinnich. Ik ferdwûn dan yn myn holle en dreamde ûnderweis fan in ivige fakânsje, frijheid en aventoeren. In dreampiloat op in metallic blauwe fyts. 
Mar mei dat dreamen ûntwikkele ik wol in talint om yn myn holle ergens oars te wêzen, te reizgjen troch plak en tiid. Dy selde ferbyldingskrêft komt my no goed fan pas. 

It skriuwen fan it skript, dat is sûnt febrewaris klear. In protte, by tiden wat nuveraardige, karakters seagen it ljocht. Dat is moai, want sa kinne in grut tal spilers meidwaan oan dit machtich moaie projekt. Tegearre mei Harmke en Allard syn bouploech binne wy no dwaande mei in eco-freonlik dekôr. Tegearre mei Martsje en Reineke de PR.

Moaisa. Kinne wy dit no ôfslute?
Nee, wachtsje Wietske, der stiet noch ien fraach iepen. Wêr komst wei, dat wie de earste fraach. Mar dy kin it net ien, twa, trije beäntwurdzje. Ergens ûnderweis yn ‘e tiid bin ik op myn blauwe fyts linksôf slein. Mar rjochtsôf hie likegoed kind. 

Best, mar wêr wolst hinne dan? 
Dat antwurd haw ik wol paraat. Op nei in prachtich ferhaal. 
Dat ik meidwaan mei - tank Wietske - en oparbeidzje kin mei sa’n treflike ploech entûsjaste Eastermarders… Ik bin ik grutsk op wat wy mei-inoar ferwurklikje: it iepenloftspul Ea komt it wetter. Dêr wol ik hinne! Dêr wolle wy hinne, yn septimber 2026!
Giest mei ús mei?

Dat wiene oars net in pear wurden… Nei myn yntro oer dy hoecht der eins mar ien sintsje feroare te wurden, dan hie ’t fuort klear west. 
Echt wier? Wat dan?
De lêste sin. Dêr kinst fan meitsje: hy beskriuwt of tekent de wrâld en har minsken graach moaier dan dat sy in werklikheid binne of wiene.
Sjuch, dêrom bist ommers myn skriptolooch. Hielendal top. Niks mear oan feroarje! 

Nijsbrief:

Skriuw jo yn foar de de nijsbrief en bliuw automatysk op 'e hichte! Ofmelde kin altyd fia de link yn de nijsbrief.


Wij telle ôf oant de premjêre:

00
MOD_JOCOUNTDOWN_DAYSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_HOURSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_MINUTESS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_SECONDSS

Donateur wurde?

Wy kinne jo stipe brûke! Mear ynformaasje »

© 2026 Iepenloftspul Eastermar