We binne dwaande mei in geweldige produksje. It is in prachtferhaal, Rienk! Leuk om hjir oan mei te wurkjen!
Ik wenje yn Tytsjerk mei myn man Willem Otter. Us beide soannen binne al al “útflein” en wenje beide yn Ljouwert. Ik bin ynteressearre yn wat in minsk tinkt, wat har of him beweecht en beroerd. Ik meitsje graach moaie dingen en sit oan ‘e ein fan in betelle “loopbaan” as manager en programmalieder.
Ik ha by hiel wat organisaasjes wurke (ek by de gemeente Tytsjerksteradiel). De lêste jierren by Arcadia, (Kulturele haadstêd 2018-2028). No bin ik dwaande mei de Stichting De Grûn Beweecht (dizze Stichting ha ik tegearre mei Theo Mulder út Kollumersweach). We organiseare yn septimber in meardaags evenemint foar sûne grûn. Mei oandacht foar in sûne en libbende boaiem. Elk minske hat belang by sûn iten. Bodem Búk en Brein ha in soad mei inoar te krijgen. 11 Skûtsjes, 22 kroaden, grutte kij mei poadia, ynsekten, libbene wjirmen en (oare) keunstsinnige ferbyldings foarmje in parade om yn Ljouwert en troch doarpen nei ferhalen te lústerjen. Foar ynformaasje oer dit evenemint, sjoch:
www.degrondbeweegt.nl. Meidwaan kin fansels ek altyd.
Yn myn frije tiid tennisje en rin ik graach én spylje ik saksofoan by fanfare-orkest Legato. Ik skriuw stikken foar teatrale kuiers en muzikale fieringen, regissear soms sels, mar kin my ek hiel goed regissearje litte, as ik sels spylje yn in stik. En no bin ik dus de rezjy-assistint.
It is leuk om mei Sjoerd Blom te wurken. Soms efkes ôfstimme wat myn rol en taak is en hoe as Sjoerd de saken sjocht. Dit wurket prima sa. It moaie is de noflike sfear. Ik fiel my thús by dizze ploech.
Dit stik meitsje we echt mei-inoar. Dat begong al by it sparring-partner wêzen fan tekst-skiuwers. Mei Rienk Vlieger en Martsje Mud. En sa leuk ek om mei Joeke Hoekstra te sparren oer de muzyk. De frisse blik en efkes oars fêsthâlde. Der sit moaie positive enerzjy.
Dat wurket moai. Oant no ta ha ik leave gedreven minsken moette. Ek minsken mei in dúdlike miening. De earste faze is altyd wat in ûnwennich. Teksten en personaazjes moatte noch foarme wurde.
Wat ik sjoch jout fertrouwen. Der sit (hast) net ien te niksen as der efkes gjin sêne te spyljen falt. Bûten spylje makket it no echter. Der stiet al hiel wat. De measten kenne harren tekst al, dat it komt mei dizze ploech út Eastermar seker goed!
No al 'Petje af' foar elk dy ’t meiwurket oan dizze grutte produksje!
Lit septimber mar komme.., ik ha der sin oan!
Ineke Kalteren
