Featured

Iepenloftspul ‘Ea komt it wetter’

Anno 2036.
Wat bart der wannear 't fan in lytse doarpsmienskip de ferbining fier te sykjen is?
Sa tinkt men bygelyks ferskillend oer waar en klimaat. De Wetterhûnen binne der wis fan dat der in ramp driget. De Drûchkloaten fine dat allegearre mar ûnnoazele optinksels.  Safolle minsken sitte fêstruske yn eigen gelyk! 

Yn Ea Komt It Wetter stekt Richt, dochter fan drûchkloat (Grutte) Germ, oer nei ‘de oare kant’.
Slagget it har om dizze kar troch te setten? Of is 't reden foar algehiele konsternaasje?

Likegoed gean deistige noeden en soargen yn it doarp gewoan troch.
Wêrom komt skûtsjeskipper Watse del en wat wichtige rol hat Rollator Maaike? Hoe rint it ôf mei Richt? Allegear nuveraardige foarfallen dêr ‘t je oer neitinke, om laitsje moatte of in trientsje om litte kinne…

takomst en ferline
hja moetsje inoar
lok en ûngelok
hja lizze ticht by-inoar

Ea Komt It Wetter is in meinimmend, minsklik ferhaal fol ferwûndering, skûtsjes, faasje en fariaasje, humor en tinzen.
In koar, sjongers en muzikanten soargje ûnder de foarstelling foar in unike, muzikale ûnderfining.

Spilersgroep en begelieding

Op basis fan it troch Eastermarders sels skreaune ferhaal hat skriptkapitein Rienk Vlieger it skript oerhandige oan regisseur, akteur en teaterdosint Sjoerd Blom. Sjoerd koe los mei syn motivearre ploech spilers en byldspilers fan 12 oant 70 jier .
Joeke Hoekstra hat de muzikale lieding. Joeke is in alsidich musikus en as dirigint ûnder oaren bekend fan de musicals Mary Poppins en Frozen.
Sjongers en muzikanten komme krekt as de spilers meast út Eastermar.

Belibje yn septimber 2026 in ûnferjitlike jûn mei Ea komt it wetter yn Eastermar.

Nijsbrief:

Skriuw jo yn foar de de nijsbrief en bliuw automatysk op 'e hichte! Ofmelde kin altyd fia de link yn de nijsbrief.


Wij telle ôf oant de premjêre:

00
MOD_JOCOUNTDOWN_DAYSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_HOURSS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_MINUTESS
00
MOD_JOCOUNTDOWN_SECONDSS

Donateur wurde?

Wy kinne jo stipe brûke! Mear ynformaasje »

© 2026 Iepenloftspul Eastermar