Iepenloftspul ‘Ea komt it wetter’

Anno 2036.
Wat bart der wannear 't fan in lytse doarpsmienskip de ferbining fier te sykjen is?
Sa tinkt men bygelyks ferskillend oer waar en klimaat. De Wetterhûnen binne der wis fan dat der in ramp driget. De Drûchkloaten fine dat allegearre mar ûnnoazele optinksels.  Safolle minsken sitte fêstruske yn eigen gelyk! 

Yn Ea Komt It Wetter stekt Richt, dochter fan drûchkloat (Grutte) Germ, oer nei ‘de oare kant’.
Slagget it har om dizze kar troch te setten? Of is 't reden foar algehiele konsternaasje?